Ynternasjonale Memmetaaldei: 'The quiet girl'

Yn it ramt fan Ynternasjonale Memmetaaldei op tiisdeidejûn 21 febrewaris fertoane it Europeesk Buro foar Lytse Talen, Mercator Europeesk Kennissintrum en Slieker Film de Iersktalige film ‘An cailín ciúin’. Of yn’t Ingelsk: ‘The quiet girl’

Oer de film

Caít (9) is in wat stil famke yn in grutte húshâlding, dêr’t se net folle oandacht kriget. As har mem wer in lytse kriget, wurdt Caít ûnderbrocht by fiere famylje. Séan en Eibhlin Cinnsealach binne hiel aardich foar Caít en it famke bloeit op, mar dochs is der ek in gefoel fan driging

Iersktalich súkses

It is in hertferwaarmjende film, mei in  moai ferhaal en treflike aktearprestaasjes fan de haadrolspilers. ‘An Cailín Ciúin’ (it stille famke) is de earste spylfilm fan de regisseur Colm Bairead. Net allinne hat de film hiele goede kritiken krigen en folle sealen lutsen yn Ierlân, de film hat it ynternasjonaal ek goed dien.

Sa wie it de earste Iersktalige film op de Berlinale en gie it fuortendaliks mei ien fan de bearen nei hûs. Boppedat is ‘An Cailín Ciúin’  ek de alderearste Iersktalige film dy’t nominearre is foar in Oscar.

Ynternasjonale Memmetaaldei

It is alwer de njoggende kear dat it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) yn de mande mei Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) en Slieker Film dokumintêres of films oer en mei taalminderheden presintearje. Dat bart mei de Ynternasjonale Memmetaaldei op 21 febrewaris, in inisjatyf fan de Feriene Naasjes dat taalferskaat en meartaligens yn it sintsje set.

It EBLT is in koepelorgaan dat him ynset foar de promoasje en beskerming fan minderheidstalen yn Nederlân. By it EBLT binne mear as tweintich organisaasjes oansletten dy ‘t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, Nedersaksysk, it Biltsk of it Papiamintsk.

“It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) soarget, sûnt de oprjochting yn 1984, foar de promoasje en beskerming fan it Frysk en Nedersaksysk yn Nederlân en yn de Europeeske Uny (EU)”

— Wat is it EBLT?